Kêst 105: Begrutting; budzjettautoriteit; boekhâlding; kompatibiliteit
- De begrutting fan ’e ynkomsten en de útjeften fan it Ryk wurdt by wet fêststeld.
- Alle jierren wurde útstellen fan algemiene begruttingswetten troch of fanwegen de Kening yntsjinne op it yn kêst 65 neamde tiidstip.
- De ferantwurding fan ’e ynkomsten en de útjeften fan it Ryk wurdt oan ’e Steaten-Generaal dien neffens de bepalingen fan ’e wet. De troch de Algemiene Rekkenkeamer goedkarde rekken wurdt oan de Steaten-Generaal oerlein.
- De wet stelt regels oangeande it behear fan ’e finânsjes fan it Ryk.
Ferklearring
Tink derom: allinnich de Nederlânsktalige ferzje fan de Grûnwet jildt.
De begrutting wurdt by wet fêststeld. Dêrom moat earst de Twadde Keamer en dan de Senaat de begrutting goedkarre. Elk jier op Prinsjesdag tsjinnet de regearing de wetsfoarstellen foar de begrutting fan it folgjende jier yn. Dit jout de Keamers genôch tiid om de foarstellen te behanneljen foar it ein fan it jier. Omdat it om in wet giet, kin allinnich de Twadde Keamer de begrutting wizigje troch middel fan it rjocht fan amendemint.
De regearing moat ek ferantwurding ôflizze oan de Steaten-Generaal oer ynkomsten en útjeften. Dit is regele yn de Wet op de Rekkening fan de Rykspost. Dizze wet befettet ek de regels foar it behear fan de steatsfinânsjes. De Rekkenkeamer moat de rekkening fan de steat goedkarre.