Haadstik 1: Fûnemintele rjochten
Haadstik 1 befettet fûnemintele rjochten. Fûnemintele rjochten kinne wurde ferdield yn klassike fûnemintele rjochten en sosjale fûnemintele rjochten.
Klassike fûnemintele rjochten biede boargers benammen beskerming tsjin de oerheid, lykas it rjocht op frijheid fan mieningsutering.
Sosjale fûnemintele rjochten stelle mandaten fêst foar de oerheid om foarsjennings te bieden foar it sosjale funksjonearjen fan 'e boarger, lykas de ferantwurdlikens fan 'e oerheid foar de beskerming fan it miljeu.
Inhoud
1: Gelikense behanneling en ferbod op diskriminaasje
Elk dy’t yn Nederlân is, wurdt yn gelikense gefallen gelyk behannele. Diskriminaasje fanwegen godstsjinst, libbensoertsjûging, politike oertsjûging, ras, geslacht, handicap, seksuele oriïntaasje, of op hokker grûn ek, is net tastien.
2: Nederlannerskip; frjemdlingen; útlevering; rjocht om it lân te ferlitten
- De wet regelet wa’t Nederlanner is.
- De wet regelet it talitten en it útsetten fan frjemdlingen.
- Utlevering kin allinnich mar barre út krêft fan in ferdrach. Fierdere foarskriften oangeande útlevering wurde by de wet jûn.
- Elk hat it rjocht om it lân te ferlitten, útsein yn ’e by wet bepaalde gefallen.
3: Gelikense beneamberens
Alle Nederlanners binne op gelikense foet yn iepenbiere tsjinst te beneamen.
4: rjocht om te stimmen
Elke Nederlanner hat likefolle rjocht om de leden fan algemien fertsjintwurdigjende organen te ferkiezen en ek ta lid fan dy organen ferkeazen te wurden, mei behâld fan ’e by wet stelde beheiningen en útsûnderingen.
5: Rjocht op fersyk
Elk hat it rjocht om fersiken skriftlik by it befoege gesach yn te tsjinjen.
6: Frijheid fan religy en leauwe
- Elk hat it rjocht om syn godstsjinst of libbensoertsjûging, yndividueel of yn mienskip mei oaren, frij te beliden, mei behâld fan elk syn eigen ferantwurdlikheid neffens de wet.
- De wet kin oangeande it útoefenjen fan dat rjocht bûten gebouwen en besletten plakken regels stelle om ’e sûnens te beskermjen, yn it belang fan it ferkear en foar it bestriden of it tefoarenkommen fan ûngeregeldheden.
7: Frijheid fan mieningsutering; ferbod op sensuer
- Gjinien hat foarôfgeand ferlof nedich om troch de drukparse tinzen of gefoelens te iepenbierjen, mei behâld fan elk syn eigen ferantwurdlikheid neffens de wet.
- De wet stelt regels oer radio en telefyzje. Der is gjin foarôfgeand tafersjoch op ’e ynhâld fan in radio- of telefyzje-útstjoering.
- Foar it iepenbierjen fan tinzen of gefoelens troch oare as yn ’e foargeande leden neamde middels, hat gjinien foarôfgeand ferlof nedich fanwegen de ynhâld dêrfan, mei behâld fan elk syn eigen ferantwurdlikheid neffens de wet. De wet kin regels stelle oangeande de tagonklikens foar persoanen jonger as sechstjin jier by it fertoanen dêrfan om ’e goede seden te beskermjen.
- De foargeande lidden binne net fan tapassing op it meitsjen fan hannelsreklame.
8: Frijheid fan feriening
It rjocht ta feriening wurdt erkend. By wet kin dat rjocht beheind wurde yn it belang fan ’e iepenbiere oarder.
9: Frijheid fan gearkomste en demonstraasje
- It rjocht op gearkommen en demonstraasje wurdt erkend, mei behâld fan elk syn eigen ferantwurdlikheid neffens de wet.
- De wet kin regels stelle om de sûnens te beskermjen, yn it belang fan it ferkear en foar it bestriden of it tefoarenkommen fan ûngeregeldheden.
10: Privacy
- Elk hat, útsein by of út krêft fan ’e wet te stellen beheiningen, rjocht op earbiediging fan syn persoanlike libbenssfear.
- De wet stelt regels om ’e persoanlike libbenssfear te beskermjen yn ferbân mei it fêstlizzen en trochjaan fan persoansgegevens.
- De wet stelt regels oangeande de oanspraken fan persoanen op it ynsjen fan de oer harren fêstleine gegevens en it gebrûk dat dêrfan makke wurdt, en ek op it ferbetterjen fan dy gegevens.
11: ûnoantaastberens fan it lichem
Elk hat, útsein by of út krêft fan ’e wet te stellen beheiningen, rjocht op ûnoantaastberens fan syn lichem.
12: Rjocht op ferbliuw
- It ynkommen yn in wenning sûnder tastimming fan ’e bewenner is allinnich tastien yn ’e by of út krêft fan ’e wet fêststelde gefallen, troch dyjingen dy’t dêr by of út krêft fan ’e wet ta oanwiisd binne.
- Foar it ynkommen neffens it earste lid binne foarôfgeande legitimaasje en meidieling fan it doel fan it ynkommen fereaske, mei behâld fan by de wet stelde útsûnderingen.
- Oan ’e bewenner wurdt sa gau mooglik in skriftlik ferslach fan it ynkommen jûn. As it ynkommen yn it belang fan ’e nasjonale feilichheid of dat fan ’e straffoardering plakfûn hat, kin neffens by de wet te stellen regels it jaan fan it ferslach útsteld wurde. Yn ’e by de wet fêst te stellen gefallen kin it jaan hjirfan útbliuwe, as it belang fan ’e nasjonale feilichheid him bliuwend tsjin it jaan hjirfan ferset.
13: Fertroulikens fan korrespondinsje
- Elk hat rjocht op earbiediging fan syn brief- en telekommunikaasjegeheim.
- Beheining fan dat rjocht is mooglik yn by de wet fêststelde gefallen mei machtiging fan ’e rjochter of, yn it belang fan ’e nasjonale feilichheid, troch of mei machtiging fan harren dy’t dêr by de wet ta oanwiisd binne.
14: Eksepropriaasje
- Unteigening is allinnich tastien yn it algemien belang en tsjin foarôf fersekere skealeasstelling, ien en oar nei by of út krêft fan ’e wet te stellen foarskriften.
- De skealeasstelling hoecht net foarôfgeand fersekere te wêzen wannear’t der yn gefal fan need fuortdaliks ûnteigening hjitten is.
- Yn by of út krêft fan ’e wet fêststelde gefallen bestiet rjocht op skealeasstelling of temjittekomming yn ’e skea as yn it algemien belang eigendom troch it befoege gesach ferneatige of ûnbrûkber makke wurdt of as it útoefenjen fan it eigendomsrjocht beheind wurdt.
15: Berôving fan frijheid
- Bûten de by of út krêft fan ’e wet fêststelde gefallen mei nimmen de frijheid ûntnommen wurde.
- Hy wa’t oars as op rjochterlik befel de frijheid ûntnommen is, kin de rjochter om syn ynfrijheidstelling fersykje. Hy wurdt yn dat gefal troch de rjochter heard binnen in by de wet fêst te stellen termyn. De rjochter hjit de direkte ynfrijheidstelling as er de frijheidsûntnimming as ûnrjochtmjittich ornearret.
- De berjochting fan dyjinge dy’t mei it each dêrop de frijheid ûntnommen is, is binnen in reedlike termyn.
- Hy dy’t rjochtmjittich de frijheid ûntnommen is, kin beheind wurde yn it útoefenjen fan grûnrjochten foar safier’t dit him net ferneart mei de frijheidsûntnimming.
16: Gjin straf sûnder wet; Nulla poena-prinsipe
Gjin feit is strafber útsein út krêft fan in dêrfoar foarôfgiene wetlike strafbepaling.
17: Ius de non evocando; Wettelijke útspraak fan 'e rjochter
- Elk hat by it fêststellen fan syn rjochten en ferplichtingen of by it fêststellen oft in tsjin him ynstelde ferfolging grûndearre is, rjocht op in earlik proses binnen in reedlike termyn foar in ûnôfhinklike en ûnpartidige rjochter.
- Gjinien kin tsjin syn wil ôfholden wurde fan ’e rjochter dy’t de wet him takent.
18: Juridyske bystân
- Elk kin him foar it rjocht en yn administratyf berop bystean litte.
- De wet stelt regels oangeande it ferlienen fan rjochtsbystân oan minder draachkrêftigen.
19: Wurkgelegenheid; juridyske status fan meiwurkers; arbeid
- Befoardering fan genôch wurkgelegenheid is foarwerp fan soarch fan ’e oerheid.
- De wet stelt regels oangeande de rjochtsposysje fan harren dy’t arbeidzje en oangeande harren beskerming dêrby, en ek oangeande meisizzenskip.
- It rjocht fan elke Nederlanner op frije kar fan wurk wurdt erkend, útsein de beheiningen steld by of út krêft fan ’e wet.
20: Bestannenfeiligens; wolfeart; sosjale feiligens
- De besteanswissigens fan ’e befolking en sprieding fan wolfeart binne foarwerp fan soarch fan ’e oerheid.
- De wet stelt regels oangeande de oanspraken op sosjale sekerheid.
- Nederlanners hjir yn ús lân, dy’t net yn harren bestean foarsjen kinne, hawwe in by de wet te regeljen rjocht op bystân fan oerheidswegen.
21: Miljeu
De soarch fan ’e oerheid is rjochte op de bewenberens fan it lân en de beskerming en ferbettering fan it leefmiljeu.
22: Folkssûnens; húsfesting; ûntwikkeling
- De oerheid treft maatregels om de folkssûnens te befoarderjen.
- Befoardering fan genôch wengelegenheid is foarwerp fan soarch fan ’e oerheid.
- Hja skept betingsten foar maatskiplike en kulturele ûntploaiïng en foar frijetiidsbesteging.
23: Iepenbier en partikulier ûnderwiis
- It ûnderwiis is in foarwerp fan oanhâldende soarch fan it regear.
- It jaan fan ûnderwiis is frij, mei behâld fan it tafersjoch fan ’e oerheid en, foar wat by de wet oanwiisde foarmen fan ûnderwiis oanbelanget, it ûndersyk nei de saakkundigens en de seedlikens fan harren dy’t ûnderwiis jouwe, ien en oar by wet te regeljen.
- It iepenbier ûnderwiis wurdt, mei earbiediging fan elk syn godstsjinst of libbensoertsjûging, by wet regele.
- Yn elke gemeente en yn elk fan ’e iepenbiere lichems, bedoeld yn kêst 132a, wurdt fan oerheidswegen foldwaande iepenbier algemien foarmjend leger ûnderwiis jûn yn in tarikkend tal iepenbiere skoallen. Neffens by de wet te stellen regels binne ôfwikingen fan dizze bepaling tastien, mitsdat ta it ûntfangen fan sadanich ûnderwiis gelegenheid jûn wurdt, al of net yn in iepenbiere skoalle.
- De easken fan deugdlikens, oan it gehiel of foar in part út ’e iepenbiere kas te bekostigjen ûnderwiis te stellen, wurde by wet regele, mei achtslaan, foarsafier’t it bysûnder ûnderwiis oangiet, fan ’e frijheid fan rjochting.
- Dy easken wurde foar it algemien foarmjend leger ûnderwiis sadanich regele dat de deugdlikens fan it gehiel út ’e iepenbiere kas bekostige bysûnder ûnderwiis en fan it iepenbier ûnderwiis like foldwaande garandearre wurdt. By dy regeling wurdt benammen de frijheid fan it bysûnder ûnderwiis oangeande de kar fan ’e learmiddels en de oanstelling fan ’e ûnderwizers earbiedige.
- It bysûnder algemien foarmjend leger ûnderwiis, dat oan ’e by de wet te stellen betingsten foldocht, wurdt nei deselde mjitstêf as it iepenbier ûnderwiis út ’e iepenbiere kas bekostige. De wet stelt de betingsten fêst dêr’t foar it bysûnder algemien foarmjend middelber en tariedend heger ûnderwiis bydragen út ’e iepenbiere kas ûnder jûn wurde.
- It regear docht alle jierren ferslach fan ’e steat fan it ûnderwiis oan ’e Steaten-Generaal.