Kêst 132: Wettelijke regeljouwing foar provinsjes en gemeenten; tafersjoch; belestingen
- De wet regelet de ynrjochting fan provinsjes en gemeenten, en ek de gearstalling en it foech fan harren bestjoeren.
- De wet regelet it tafersjoch op dy bestjoeren.
- Besluten fan dy bestjoeren kinne allinnich mar oan foarôfgeand tafersjoch ûnderwurpen wurde yn by of út krêft fan ’e wet fêst te stellen gefallen.
- Ferneatiging fan besluten fan dy bestjoeren kin allinnich barre by keninklik beslút fanwegen striid mei it rjocht of it algemien belang.
- De wet regelet de foarsjenningen by benefter bliuwen oangeande regeling en bestjoer, foardere út krêft fan kêst 124, twadde lid. By de wet kinne yn ôfwiking fan ’e kêsten 125 en 127 foarsjenningen troffen wurde foar it gefal it bestjoer fan in provinsje of in gemeente syn taken groulik ferwaarloazget.
- De wet bepaalt hokker belestingen troch de bestjoeren fan provinsjes en gemeenten heft wurde kinne en regelet harren finansjele ferhâlding ta it Ryk.
Ferklearring
Tink derom: allinnich de Nederlânsktalige ferzje fan de Grûnwet jildt.
De wet regelet:
- hoe't provinsjes en gemeenten organisearre binne
- hoe't de gearstalling en foegen fan 'e bestjoeren fan provinsjes en gemeenten regele wurde
- hoe't tafersjoch op it bestjoer regele wurdt
- hokker foarsoarchsmaatregels en twangmaatregels nommen wurde kinne as it bestjoer syn taken net neikomt. De sintrale oerheid kin ek maatregels nimme as de bestjoeren fan provinsjes en gemeenten har taken serieus ferwaarloaze.
Dit alles is fêstlein yn 'e Provinsjale Wet en de Gemeentewet.
De sintrale oerheid is allinnich autorisearre om besluten fan 'e bestjoeren fan provinsjes en gemeenten te ferneatigjen as dizze yn striid binne mei de wet of it iepenbier belang.
De finansjele relaasje fan 'e provinsjes en gemeenten ta de steat is regele yn 'e Wet Finansjele Ferhâldingen.