Skip to main content


Kêst 132a: Karibyske iepenbiere ynstânsjes

Kêst 132a
  1. By de wet kinne yn it Karibyske part fan Nederlân oare territoriale iepenbiere lichems as provinsjes en gemeenten ynsteld en opheft wurde.
  2. De kêsten 124, 125 en 127 oant en mei 132 binne oangeande dy iepenbiere lichems fan gelikense tapassing.
  3. Yn dy iepenbiere lichems wurde ferkiezingen hâlden foar in kieskolleezje foar de Earste Keamer. Kêst 129 is fan gelikense tapassing.
  4. Foar dy iepenbiere lichems kinne regels steld wurde en oare spesifike maatregels troffen wurde mei it each op bysûndere omstannichheden wêrtroch’t dy iepenbiere lichems harren wêzentlik ûnderskiede fan it Europeeske part fan Nederlân.

Ferklearring

Tink derom: allinnich de Nederlânsktalige ferzje fan de Grûnwet jildt. 

Dit artikel regelet de grûnwetlike basis fan 'e eilannen Bonaire, Sint-Eustasius en Saba yn Karibysk Nederlân. It artikel bepaalt dat iepenbiere lichems by wet oprjochte en ûntbûn wurde kinne yn Karibysk Nederlân. Derneist bepaalt it amendemint dat ferkiezings foar in kieskolleezje binnen de iepenbiere lichems hâlden wurde.

Uteinlik wurdt fierder bepaald dat fanwegen de spesjale posysje fan Karibysk Nederlân - fier fan Jeropeesk Nederlân en syn status as 'eilân' - spesjale regels en maatregels fan tapassing wêze kinne.