Skip to main content


Kêst 135: Mienskiplike regelingen

Kêst 135

De wet jout regels foar foarsjenning yn saken dêr’t twa of mear iepenbiere lichems by belutsen binne. Dêrby kin yn ’e ynstelling fan in nij iepenbier lichem foarsjoen wurde, yn hokker gefal kêst 134, twadde en tredde lid, fan tapassing is.

Ferklearring

Tink derom: allinnich de Nederlânsktalige ferzje fan de Grûnwet jildt. 

Gemeentlike en iepenbiere bestjoeren moatte soms gearwurkje. De wet stelt fêst hoe't dit dien wurde moat. As it nedich is, kin in nij iepenbier orgaan (artikel 134) oprjochte wurde.

De Wet op mienskiplike regelingen befettet de wichtichste regels.