Skip to main content


Kêst 136: Skeeloplossing foar iepenbiere ynstânsjes

Kêst 136

De skelen tusken iepenbiere lichems wurde by keninklik beslút beslist, of it moat wêze dat it in saak is foar de rjochterlike macht of it nimmen fan besluten yn dy saken by de wet oan oaren opdroegen is.

Ferklearring

Tink derom: allinnich de Nederlânsktalige ferzje fan de Grûnwet jildt. 

As oerheidsynstânsjes, lykas provinsjes, gemeenten en wetterskippen, in ferskil fan miening hawwe, is it de taak fan 'e oerheid om dat op te lossen, útsein as dit de wet oan in oare autoriteit tawiisd hat.