Skip to main content


Kêst 97: Wapene machten

Kêst 97
  1. Foar de ferdigening en om ’e belangen fan it Keninkryk te beskermjen, en ek foar it hanthavenjen en it befoarderjen fan ’e ynternasjonale rjochtsoarder, is der in kriichsmacht.
  2. It regear hat it gesach oer de kriichsmacht.

Ferklearring

Tink derom: allinnich de Nederlânsktalige ferzje fan de Grûnwet jildt. 

It Keninkryk hat in wapene macht. De oerheid hat it heechste gesach deroer. Dêrom bepaalt it wêr en wannear't de ferskate tûken fan 'e wapene machten, lykas it leger, de marine en de loftmacht, ynset wurde. De wapene machten hawwe de taak fan:

  • de ferdigening fan it Keninkryk
  • de beskerming fan 'e belangen fan it Keninkryk
  • it behâld en de befoardering fan 'e ynternasjonale rjochtssteat.