Kêst 98: Gearstalling fan 'e striidkrêften; militêre tsjinst
- De kriichsmacht bestiet út dyjingen dy’t frijwillich ûnder tsjinst geane en kin mei bestean út tsjinstplichtigen.
- De wet regelet de ferplichte militêre tsjinst en it foech om de opropping yn werklike tsjinst út te stellen.
Ferklearring
Tink derom: allinnich de Nederlânsktalige ferzje fan de Grûnwet jildt.
De striidkrêften besteane út frijwilligers en kinne ek tsjinstplichtigen omfetsje. Yn 1997 waard de ferplichting om har foar tsjinstplichtigen te melden opskort. Sûnt dy tiid bestiet it leger dêrom allinnich út persoanen dy't út eigen beweging in baan yn it leger kieze.
De ferplichting om har foar tsjinst te melden en de skorsing dêrfan binne fierder regele yn 'e Kaderwet Tsjinstplicht.