Kêst 133: Wetterboerden
- De opheffing en ynstelling fan wetterskippen, de regeling fan harren taken en ynrjochting, en ek de gearstalling fan harren bestjoeren, barre neffens by de wet te stellen regels by provinsjale feroardering, foarsafier’t by of út krêft fan ’e wet net oars bepaald is.
- De wet regelet de feroarderjende en oare foegen fan ’e bestjoeren fan ’e wetterskippen, en ek de iepenbierheid fan harren gearkomsten.
- De wet regelet it provinsjale en oare tafersjoch op dy bestjoeren. Ferneatiging fan besluten fan dy bestjoeren kin allinnich barre fanwegen striid mei it rjocht of it algemien belang.
Ferklearring
Tink derom: allinnich de Nederlânsktalige ferzje fan de Grûnwet jildt.
Wetterskippen soargje foar de goede kwaliteit fan oerflaktewetter en dat der net tefolle of te min wetter is yn in bepaald gebiet. Wetterbehear hat tradisjoneel in aparte plak ynnommen binnen de Nederlânske lokale oerheidsorganisaasje, wat net ferrassend is sjoen it wetterrike ferline en de takomst fan Nederlân.
De oprjochting, ûntbining en organisaasje fan wetterskippen moatte troch de provinsjes regele wurde binnen de wettelike regels. De wet regelet de foegen, it iepenbier karakter fan gearkomsten en it tafersjoch op wetterskippen. Besluten kinne allinich ûnjildich ferklearre wurde as se yn striid binne mei de wet of it iepenbier belang.
De Wetterskippenwet waard ynfierd yn 1991. Artikel 133 wurdt fierder útwurke yn dizze wet.