Kêst 77: Lidmaatskip fan 'e Rekkenkeamer
- De leden fan ’e Algemiene Rekkenkeamer wurde by keninklik beslút foar it libben beneamd út in foardracht fan trije persoanen, opmakke troch de Twadde Keamer fan ’e Steaten-Generaal.
- Op eigen fersyk en fanwegen it berikken fan in by de wet fêst te stellen âldens wurde hja ûntslein.
- Yn ’e by de wet oanwiisde gefallen kinne hja troch de Hege Ried tydlik út it amt setten of ûntslein wurde.
- De wet regelet fierder harren rjochtsposysje.
Ferklearring
Tink derom: allinnich de Nederlânsktalige ferzje fan de Grûnwet jildt.
De regearing beneamt de leden fan 'e Rekkenkeamer by Keninklik Beslút. De regearing moat lykwols kieze út trije persoanen dy't troch de Twadde Keamer nominearre binne. De leden fan 'e Rekkenkeamer kinne allinnich ûntslein wurde
- op eigen fersyk
- as se in by wet oanjûne leeftyd berikt hawwe (70 jier, artikel 73 fan 'e Wet op de Rekkenkeamers)
- troch de Hege Ried yn bepaalde gefallen dy't by wet oanjûn binne (artikel 74 fan 'e Wet op de Rekkenkeamers).
De Hege Ried kin in lid ek skorse yn gefallen dy't by wet oanjûn binne.
De rjochtsposysje fan 'e leden fan 'e Rekkenkeamer liket sterk op 'e rjochtsposysje fan leden fan 'e rjochterlike macht. Dit garandearret de ûnôfhinklikens fan 'e Rekkenkeamer.