Skip to main content


Kêst 9: Frijheid fan gearkomste en demonstraasje

Kêst 9
  1. It rjocht op gearkommen en demonstraasje wurdt erkend, mei behâld fan elk syn eigen ferantwurdlikheid neffens de wet.
  2. De wet kin regels stelle om de sûnens te beskermjen, yn it belang fan it ferkear en foar it bestriden of it tefoarenkommen fan ûngeregeldheden.

Ferklearring

Tink derom: allinnich de Nederlânsktalige ferzje fan de Grûnwet jildt. 

Dit artikel omfettet it rjocht om te demonstrearjen en gear te kommen. De wetjouwer kin dit rjocht beheine om de sûnens te beskermjen, yn it belang fan it ferkear, of om steuringen te bestriden of te foarkommen.

Dizze binne fêstlein yn 'e Wet op Iepenbiere Manifestaasjes.

Fideo: Hoe is it rjocht om te demonstrearjen regele yn 'e Grûnwet? (septimber 2023)