Kêst 117: Leden fan 'e rjochterlike macht; ûnôfhinklikens; ûntslach
- De leden fan ’e rjochterlike macht mei rjochtspraak belêst en de prokureur-generaal by de Hege Ried wurde by keninklik beslút foar it libben beneamd.
- Op eigen fersyk en fanwegen it berikken fan in by de wet fêst te stellen âldens wurde hja ûntslein.
- Yn de by de wet bepaalde gefallen kinne hja troch in by de wet oanwiisd, oan de rjochterlike macht tahearrend gerjocht tydlik út it amt setten of ûntslein wurde.
- De wet regelet fierder harren rjochtsposysje.
Ferklearring
Tink derom: allinnich de Nederlânsktalige ferzje fan de Grûnwet jildt.
Rjochters binne ûnôfhinklik om't se foar it libben beneamd binne en allinich ûntslein wurde kinne
- op eigen fersyk, of
- by it berikken fan in bepaalde leeftyd, of
- yn spesjale gefallen dy't yn 'e wet fêstlein binne, troch in by wet oanwiisde rjochtbank.
Dit artikel garandearret de ûnôfhinklikens fan 'e rjochter.
De wet regelet fierder de rjochten en plichten fan rjochters.