Skip to main content


Kêst 54: Ferkiezing foar de Twadde Keamer; útsluting fan stimrjocht

Kêst 54
  1. De leden fan ’e Twadde Keamer wurde streekrjocht keazen troch de Nederlanners dy’t de âldens fan achttjin jier berikt hawwe, mei behâld fan ’e by de wet te bepalen útsûnderingen oangeande Nederlanners dy’t gjin ynwenners binne.
  2. Fan it kiesrjocht is útsletten dyjinge dy’t fanwegen it begean fan in dêrta by de wet oanwiisd delikt by definitive rjochterlike útspraak feroardiele is ta in frijheidsstraf fan op syn minst in jier en dêrby ek ûntset is út it kiesrjocht.

Ferklearring

Tink derom: allinnich de Nederlânsktalige ferzje fan de Grûnwet jildt. 

Nederlânske boargers fan 18 jier of âlder kieze de leden fan 'e Twadde Keamer. Nederlânske boargers dy't net yn Nederlân wenje, hawwe yn prinsipe ek it rjocht om te stimmen, hoewol de wetjouwer hjir útsûnderingen op meitsje kin.

Allinnich yn útsûnderlike omstannichheden kin in rjochter immen dit fûnemintele demokratyske rjocht ûntnimme. As in rjochter immen feroardielt ta in finzenisstraf fan teminsten ien jier, kin hy it rjocht om te stimmen as ekstra straf ynlûke. De rjochter mei dit allinich dwaan foar bepaalde misdieden dy't by wet oanwiisd binne (lykas in oanfal op 'e Kening of in aksje dy't rjochte is op it omkeare fan 'e regearingsfoarm).