Kêst 6: Frijheid fan religy en leauwe
- Elk hat it rjocht om syn godstsjinst of libbensoertsjûging, yndividueel of yn mienskip mei oaren, frij te beliden, mei behâld fan elk syn eigen ferantwurdlikheid neffens de wet.
- De wet kin oangeande it útoefenjen fan dat rjocht bûten gebouwen en besletten plakken regels stelle om ’e sûnens te beskermjen, yn it belang fan it ferkear en foar it bestriden of it tefoarenkommen fan ûngeregeldheden.
Ferklearring
Tink derom: allinnich de Nederlânsktalige ferzje fan de Grûnwet jildt.
Elk is frij om syn eigen religy of leauwe te kiezen en dêrop op syn eigen wize te hanneljen, mits dit foldocht oan de wetlike regeljouwing.
De wetjouwer kin regels fêststelle oangeande de útoefening fan dit rjocht yn in iepenbiere romte (bûten gebouwen of sletten romten), mar allinich as dit nedich is om de sûnens te beskermjen, yn it belang fan it ferkear, of om steurnissen te bestriden of te foarkommen.
Sokke regels binne fêstlein yn 'e Wet Iepenbiere Manifestaasjes.
Fideo: Hoe is de frijheid fan religy regele yn artikel 6 fan 'e Grûnwet? (augustus 2023)