Kêst 75: Wetlike regeljouwing fan 'e Ried fan Steat
- De wet regelet de ynrjochting, de gearstalling en it foech fan ’e Ried fan Steat.
- By de wet kinne oan ’e Ried of in ôfdieling fan ’e Ried ek oare taken opdroegen wurde.
Ferklearring
Tink derom: allinnich de Nederlânsktalige ferzje fan de Grûnwet jildt.
De organisaasje en foegen fan 'e Ried fan Steat binne regele yn 'e Wet op 'e Ried fan Steat. De wetjouwer kin ek oare taken oan 'e Ried fan Steat tawize as dy neamd yn 'e Grûnwet.