Skip to main content


Kêst 90: Ynternasjonale rjochtsoarder

Kêst 90

It regear befoarderet de ûntwikkeling fan ’e ynternasjonale rjochtsoarder.

Ferklearring

Tink derom: allinnich de Nederlânsktalige ferzje fan de Grûnwet jildt. 

De oerheid hat de taak om de ûntwikkeling fan 'e ynternasjonale rjochtsoarder te befoarderjen. Dit omfettet:

  • it freedsum oplossen fan ynternasjonale skeel
  • it beskermjen fan minskerjochten
  • goede relaasjes mei oare steaten
  • sûne ynternasjonale wetjouwing en neilibjen dêrfan
  • duorsume ynternasjonale frede en feiligens
  • Nederlân as gastlân foar ynternasjonale rjochtbanken en tribunalen