Skip to main content


Kêst 91: Goedkarring fan ferdraggen

Kêst 91
  1. It Keninkryk wurdt net oan ferdraggen bûn en dy ferdraggen wurde net opsein sûnder foarôfgeande goedkarring fan ’e Steaten-Generaal. De wet bepaalt yn hokker gefallen gjin goedkarring fereaske is.
  2. De wet bepaalt hoe’t de goedkarring ferliend wurdt en kin foarsjen yn stilswijende goedkarring.
  3. As in ferdrach bepalingen befettet dy’t ôfwike fan ’e Grûnwet dan wol it ôfwiken dêrfan nedich meitsje, dan kinne de keamers de goedkarring earst jaan mei op syn minst twa tredde fan it tal útbrochte stimmen.

Ferklearring

Tink derom: allinnich de Nederlânsktalige ferzje fan de Grûnwet jildt. 

As algemiene regel kin it Keninkryk net bûn wurde troch ferdraggen sûnder de foarôfgeande goedkarring fan 'e Steaten-Generaal. De Keninkrykswet op 'e Goedkarring en Publikaasje fan Ferdraggen regelet:

  • wannear't stilswijende goedkarring fan tapassing is
  • wannear't goedkarring ferliend wurdt troch middel fan in wet
  • wannear't gjin goedkarring fereaske is.

It is mooglik dat in ferdrach ôfwykt fan bepalingen fan 'e Grûnwet. Yn sa'n gefal is goedkarring troch de Keamers fan 'e Steaten-Generaal fereaske mei teminsten twatredde fan 'e útbrochte stimmen.