Skip to main content


Kêst 66: Iepenbiere tagong ta gearkomsten

Kêst 66
  1. De gearkomsten fan ’e Steaten-Generaal binne iepenbier.
  2. De doarren wurde sletten wannear’t in tsiende part fan it tal oanwêzige leden dit foarderet of de foarsitter dit as nedich oardielet.
  3. Troch de keamer, ûnderskiedlik de keamers yn in mienskiplike gearkomste, wurdt dêrnei beslist oft mei sletten doarren rieplachte en besletten wurde sil.

Ferklearring

Tink derom: allinnich de Nederlânsktalige ferzje fan de Grûnwet jildt. 

De algemiene regel is dat de gearkomsten fan 'e Keamers iepenbier binne. Gearkomsten meie allinnich yn útsûnderlike omstannichheden efter sletten doarren hâlden wurde. De Keamers beslute hjir sels oer. De proseduere hjirfoar is regele yn it Reglement fan Proseduere fan 'e Keamers.