Skip to main content


Kêst 67: Kworum; stimmen

Kêst 67
  1. De keamers meie elk ôfsûnderlik en yn in mienskiplike gearkomste earst rieplachtsje of beslute as mear as de helte fan it tal leden mei in sit op in gearkomste oanwêzich is.
  2. Besluten wurde nommen by mearderheid fan stimmen.
  3. De leden stimme sûnder lêst.
  4. Oer saken wurdt mûnling en by haadlike opropping stimd wannear’t ien lid dat wol.

Ferklearring

Tink derom: allinnich de Nederlânsktalige ferzje fan de Grûnwet jildt. 

De Keamers (ynklusyf yn mienskiplike gearkomsten) meie allinnich byinoar komme as mear as de helte fan 'e leden oanwêzich is.

Besluten wurde nommen mei in mearderheid fan stimmen. Soms is in twatredde mearderheid fereaske foar in beslút, mar allinnich as dit yn 'e Grûnwet bepaald is.

Leden stimme sûnder mandaat. Dit betsjut dat se frij moatte wêze om te stimmen. Parlemintsleden meie mei oaren oerlizze (binnen en bûten it Parlemint), mar meie gjin besluten nimme 'op befel fan oaren'.